VVD-wurkbesite om guozzeskea

24 aug 2012 - 12:17
  • Wurkbesite VVD fanwege skea guozzen
  • Wurkbesite VVD oan boer om guozzeskea
  • Wurkbesite VVD fanwege guozzeskea

Jagers besykje mei in wurkbesite Twadde Keamerleden dúdlik te meitsjen dat der mear dien wurde moat tsjin de skea troch guozzen. Twa VVD-Keamerleden binne freed op wurkbesite yn Fryslân op útnoeging fan de Keninklike Nederlânske Jagers Feriening. Sintraal tema fan de wurkbesite fan Helma Lodders en Johan Houwers is guozzeskea.

De Fryske jagers wolle dat de Twadde Keamer tastimming jout mear guozzen deameitsje te meien. De fûgels rjochtsje tefolle skea oan oan it Fryske lânskip.

De Keamerleden binne op besite by in bioboer en yn in natuergebiet fan It Fryske Gea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)