VVD wol ûndersyk nei Caparis

19 maaie 2008 - 12:37

De VVD-fraksjes yn acht gemeenten wolle in ûndersyk nei de takomst fan Caparis. De wurkfoarsjenning hat al in skoft te krijen mei in finansjeel tekoart. Caparis hat de oansletten gemeenten frege om in ekstra bydrage.

De acht VVD-fraksjes binne der net gerêst op dat de problemen by Caparis oer binne mei de bydragen fan de gemeenten. Boargemaster en wethâlders fan de acht gemeenten wurdt no frege in oanfoljend ûnôfhinklik ûndersyk te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)