VVD wol spoarline skrasse

03 feb 2010 - 21:25

Der is yn Provinsjale Steaten hieltyd minder draachflak foar de oanlis fan it spoar tusken It Hearrenfean en Grins. It spoar is ûnderdiel fan it ferkears- en ferfierspakket fan de provinsje. Der moat besunige wurde, mar de provinsje wol it pakket dochs hielendal útfiere, mei hjir en dêr fersoberings.

Neffens de VVD yn de steaten kin it spoar better skrast wurde, want mei dat jild kinne dan de oare finansjele gatten tichte wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)