VVD wol sintrum foar eksport en ynternasjonale hannel

18 feb 2015 - 15:45

Der moat in útfieringssintrum foar eksport en ynternasjonale hannel komme yn Fryslân. Dat fynt de VVD-steatefraksje. Steatelid Otto van der Galiën wol mei sa'n sintrum de kennis op it mêd fan eksport fergrutsje. It moat in soarte fan loket wurde dêr't ûndernimmers terjochte kinne. Uteinlik moatte besteande organisaasjes, inisjativen en netwurken by elkoar komme. Mei troch de hieltyd minder promininte rol fan de Keamer fan Keaphannel is dat no net sa.

Op dit stuit eksportearje 7% fan de Fryske bedriuwen mei 1 oant 200 wurknimmers produkten.

Dat moat troch sa'n nij útfieringssintrum groeie nei 10% yn 2020. Ut de Nuon jilden is 10 miljoen euro beskikber foar ynternasjonaal ûndernimmen. Dit Fryske sintrum soe inkele hûnderdtûzenen euro's nedich ha om los te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)