VVD wol minder lânbouregels

06 jan 2003 - 00:00

De VVD wol snije yn de tizeboel fan regels yn de agraryske sektor. Dat die moandei bliken by in besite fan de kampanjekaravaan fan de liberalen oan Fryslân en Grins.

Neffens de VVD moatte boeren mear oan har eigenlike wurk takomme. Ek pleite de partij foar in minder djoer Europeesk lânboubeleid. Fanwege it waar koene net alle VVD'ers it Noarden fine. Listlûker Zalm fertroude it net mei de snie en bleau tichter by hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)