VVD wol jacht op foksen iepenje

20 des 2004 - 16:09

De VVD-steatefraksje wol dat de jacht op foksen sa gau mooglik iepene wurdt. De provinsje wol dat pas mooglik meitsje nei in útspraak fan de rjochter oer de foksejacht. Dy útspraak yn heger berop wurdt pas begjin febrewaris ferwachte en dat fynt de VVD te let.

Maart dit jier is de jacht op foksen ek fia de rjochter keard om't de provinsje noch net in goed Faunabehearsplan hie. DS hawwe dat plan 7 desimber fêststeld. De jacht soe dêrom no wol wer kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)