VVD wol alternatyf plan Goutum

19 sep 2011 - 12:37
  • Goutum hat lêst fan slûpferkear

De VVD yn Ljouwert wol mei de ynwenners fan Goutum in alternatyf plan meitsje om wat te dwaan oan it slûpferkear yn it doarp. Der leit in plan fan de gemeente om in 'lus' yn Goutum oan te lizzen, mar dêr is in soad protest tsjin.

Dy oplossing foar minder trochgeand ferkear soe Goutum ferdiele yn twa parten. De gemeente hâldt in enkête oer dy ferkearskundige oplossing, mar de Ljouwerter VVD-fraksje wol mei de bewenners neitinke oer in alternatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)