VVD wint, De Vries yn Keamer?

13 sep 2012 - 03:30

De winst fan de VVD by de ferkiezings betsjut mooglik dat fraksjefoarsitter Aukje de Vries fan de VVD yn provinsjale steaten yn de Twadde Keamer komt. De Vries stie op it 45ste plak op de list. As de VVD keamerleden oan it kabinet leveret, soe dat betsjutte dat De Vries Fryslân ferruilet foar Den Haach.

Aukje de Vries hie der sels de lêste wiken gjin rekken mear mei hâlden, omdat de VVD yn de peilingen lang net it tal sitten helle as yn werklikheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)