VVD ûndersiket takomst Fryslân

05 okt 2004 - 17:41

De VVD-steatefraksje lit de Ryksuniversiteit Grins ûndersyk dwaan nei de ekonomyske takomst fan Fryslân. Oanlieding is de diskusje dy't op 't heden fierd wurdt oer dit ûnderwerp.

De fraksje fan de VVD yn Fryslân wol los fan it ferdwinen fan de saneamde Langman-jilden ûndersykje wat de kânsen en bedrigings binne foar Fryslân. De útkomsten fan it ûndersyk wolle de liberalen brûke foar it foarmjen fan in dúdlik stânpunt oer dit tema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)