VVD tsjin sluting plysjeburo

28 feb 2010 - 13:18
  • Plysjeburo moat bliuwe yn Wolvegea

De VVD yn Weststellingwerf is poer op de driigjende sluting fan it plysjeburo yn Wolvegea tsjin. De partij hat op it plysjeburo dúdlik makke dat der genôch tafersjoch wêze moat en dat de plysje op 'e tiid op meldings reagearje kinne moat.

De VVD, ôfdieling Weststellingwerf, is bliid dat de lanlike VVD pleitet foar mear plysjes op it Fryske plattelân. Der soene fyftich oant sechtich plysjes yn Fryslân by komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)