VVD tsjin mear wetterskipslêsten

19 nov 2003 - 00:00

De Steatefraksje fan de VVD is tsjin de ferheging fan de wetterskipslêsten. It Wetterskip Fryslân wol dy lêsten takom jier omheech gean litte mei goed trije prosint. Troch de fúzje fan de wetterskippen is mear jild nedich.

De provinsje prate earder oer de begrutting. Deputearre Bijman hie doe sein dat lêsten foar boarger en bedriuw net omheech gean soenen. De VVD kin dêrom net akkoart gean mei de ferheging fan de wetterskipslêsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)