VVD tsjin Kulturele Haadstêd

05 apr 2012 - 10:18

De VVD yn provinsjale steaten is hiel negatyf oer in provinsjale bydrage fan tsientallen miljoenen oan Kulturele Haadstêd 2018. Offisjeel moat de diskusje dêroer noch komme, mar de VVD wol no al dúdlikens jaan.

It projektplan fan de Kulturele Haadstêd waard tiisdei presintearre. Dêr stiet yn dat der 31 oant 57 miljoen euro ferwachte wurdt fan de oerheid. De VVD is al langer tsjin op de nominaasje fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd. De partij fynt noch altyd dat essinsjele ûnderdielen ûntbrekke, lykas fisy, organisaasje en budzjet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)