VVD stipet plan ynternaat

21 jan 2004 - 00:00

De VVD-fraksje yn de Twadde Keamer stipet it idee fan in ynternaat foar probleemjongeren. It idee derfoar komt fan de Ljouwerter riedsleden Feddema en Van Olffen. It ynternaat moat ergens yn it Noarden komme mei plak foar 50 jongeren.

Twa jier lyn wie it idee der al, mar it krige gjin ferfolch. Nei de sjitpartij yn Den Haach is it wer aktueel. De riedsleden prate mei de VVD-ers oer it plan foar in ynternaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)