VVD: "Stek gjin Ryksjild mear yn oanlis fan ottertunnels''

28 mrt 2015 - 12:35
  • Otter

Der mei foarearst gjin Ryksjild mear nei de oanlis fan ottertunnels. Dat fynt VVD-Twadde Keamerlid Barbara Visser fan Zaandam. Sy wiist op in rapport fan ûndersyksburo Alterra út Wageningen, dêr't út bliken docht dat der hieltyd mear yntylt ûnder otters foarkomt. Dêrtroch kinne jonge otters mooglik minder goed oer syktes en geane se earder dea.

Neffens it VVD-Keamerlid hat it gjin doel djoere tunnels oan te lizzen, wylst net it ferkear, mar yntylt de grutste bedriging foarmet foar de otters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)