VVD: 'Plan Frysk' doocht net

18 apr 2006 - 17:00

De VVD-steatefraksje sjocht neat yn it foarstel fan Deputearre Steaten om de achterstannen yn it basisûnderwiis fuort te wurkjen. It plan stiet yn de nije ûnderwiisnotysje.

It Frysk is it probleem net, mar de âlden en de learkrêften moatte mear ambysje krije, fynt de partij. Ek moat der jild stutsen wurde yn it hiele ûnderwiis, fan basisskoalle oant heger beropsûnderwiis. Dat jild moat komme út 'e ferkeap fan NUON-oandielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)