VVD: 'Omrop gjin apart gefal'

19 jun 2011 - 16:25

Omrop Fryslân hoecht wat de Twadde-Keamerfraksje fan de VVD oanbelanget net op in status aparte te rekkenjen. Dat seit mediawurdfierder Anouchka van Miltenburg fan de VVD-fraksje.

Fan minister Van Bijsterveldt moatte de regionale omroppen tenei inkeld op Nederlân 3 útstjoere. Deputearre Jannewietske de Vries tinkt dat dan de status fan Omrop Fryslân as rampestjoerder yn gefaar komt. Boppedat is de Omrop fan betsjutting foar de Fryske taal en kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)