VVD net foar nij wynplan

18 jan 2014 - 12:45

De VVD-steatefraksje hat gjin ferlet fan it nije inisjatyf fan trije miljeu-organisaasjes yn Fryslân. Dy wolle de provinsje helpe om yn 2020 goed 500 megawatt wynenerzy op te wekken ûnder it motto 'better mei in nij plan as hieltyd nee sizze'. Stichting Hou Friesland Mooi (SHFM), de Fryske Miljeu Federaasje (FMF) en Platfoarm Duorsum Fryslân (PDF) ha de krêften bondele om de provinsje te helpen.

Mar neffens VVD-steatelid Sylvia Hosman hat dit gjin doel, omdat de steaten noch in beslút nimme moatte oer de doelstelling fan 500 megawatt.

Boppedat tinkt de VVD dat der gjin draachflak is ûnder de ynwenners foar nije wynmoleparken. Frou Hosman neamt it foarstel fan de trije miljeu-organisaasjes 'een verkapte poging tot omkoping'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)