VVD: net betelje foar ID-kaart

29 okt 2010 - 14:16

Neffens de Ljouwerter VVD soene ynwenners fan Ljouwert net ûnterjochte foar in ID-kaart betelje moatte. It giet om minsken dy't nei 7 oktober sa'n kaart oanfrege ha. Op dy datum hat it gerjochtsjhôf fan Den Haach bepaald dat in ID-kaart fergees wêze moat, omdat minsken dy kaart hieltyd faker ferplicht toane moatte.

De Hege Rie nimt meikoarten in beslút yn dizze saak. Oant dat beslút kinne ynwenners yn guon oare gemeenten beswier meitsje tsjin it beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)