"VVD moat akkoart gean mei opfang asylsikers, oars krisis"

17 apr 2015 - 13:06
  • (argyffoto)

De VVD sil akkoart gean moatte mei de opfang fan útprosedearre asylsikers, oars is in kabinetskrisis net foar te kommen. Dat stelt foarsitter Henk Korthof fan de Fryske ôfdieling fan de PvdA. Korthof fynt net dat der in kompromis mooglik is as it oer dizze kwetsbere groep minsken giet.

Hy fynt it net minsklik sa't de VVD him op dit stuit opstelt nei de útprosedearre asylsikers. PvdA wol graach in sobere,gemeentlike opfang, de VVD wol hielendal gjin opfang foar minsken dy't net aktyf meiwurkje oan in weromkear nei harren heitelân.

Foarsitter Jeltsje Hoekstra fan de VVD yn Fryslân hopet dat beide kabinetspartijen der freed útkomme sille by harren oerlis yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)