VVD: Meldpunt bystânsfraude

18 jan 2013 - 19:17
  • Jild

De VVD op It Hearrenfean wol dat der in gemeentlik meldpunt bystânsfraude opset wurdt. Ynwenners kinne by it meldpunt streekrjocht in fermoeden fan bystânsfraude melde. De melding moat dan troch de gemeente ûndersocht wurde en as it nedich is wurdt de bystân stopset.

VVD-riedslid Floris Pieter de Wit fynt dat minsken net ûnterjochte fan in bystânsútkearing genietsje meie. Ynwenners kinne helpe om fraude tsjin te gean. Op dit stuit binne der yn de gemeente Hearrenfean 1030 minsken dy't yn de bystân sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)