VVD: mear plysje op plattelân

27 feb 2010 - 09:59

Der moat mear plysje komme op it Fryske plattelân. Dat fynt âld-offisier fan justysje en VVD-keamerlid Fred Teeven. Neffens him binne der lanlik goed 1100 plysjeminsken nedich op it plattelân, wêrfan't 50 oant 60 foar Fryslân.

Earder waard bekend dat der mooglik 100 banen fuortbesunige wurde by de Fryske plysje. Mei mear plysje-ynset kin der besunige wurde op previnsje tinkt Teeven. Ek meie fan him de sintra foar jeugd en gesin wol skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)