VVD Ljouwert wol wurk werom

07 aug 2013 - 06:36

De VVD yn Ljouwert fynt dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besykje moat wurkgelegenheid werom te heljen út goedkeape leanlannen. Neffens de partij ferdûbelje de leankosten yn dy lannen eltse fjouwer jier. Dêrtroch sille se úteinlik net goedkeaper bliuwe.

De VVD neamt as foarbyld Amerika, wêr't bot ynset wurdt op de saneamde 'reshoring'. Ek de gemeente Rotterdam besiket sa mear wurkgelegenheid te krijen. Yn dy stêd wurde wurknimmers fan sosjale wurkpleatsen ynset om it wurk te dwaan dat earder nei goedkeape leanlannen gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)