VVD Ljouwert wol 'keapnacht'

01 mrt 2010 - 12:14

De VVD yn Ljouwert tinkt mei in shopping night mear besikers nei de binnenstêd lûke te kinnen. By sa'n keapnacht moatte dan net allinnich de winkels iepen wêze, mar moatte ek aktiviteiten organisearre wurde.

Neffens de VVD lûkt dat yn Den Haach al in soad minsken. It idee soe fierder útwurke wurde moatte troch de gemeente, yn gearwurking mei de winkellju en Marketing Leeuwarden. Neffens de VVD binne de earste reaksjes yn Ljouwert posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)