VVD-Ljouwert teloarsteld

24 des 2011 - 10:54

De VVD yn Ljouwert is teloarsteld dat de gemeente gjin ûndersyk dwaan wol nei it goedkeaper meitsjen fan it ynbarren fan belesting. Yn novimber tsjinne de VVD mei in tal oare partijen in moasje yn, dêr't om sa'n ûndersyk yn frege waard. Neffens de partijen besparret de gemeente Venlo mear as in miljoen troch it ynbarren dwaan te litten troch in ekstern buro. Omdat Ljouwert sawat like grut is as Venlo soe dat hjir ek kinne.

De gemeente sjocht mear yn it ferbetterjen fan de eigen ôfdieling, ek soe foar oare gemeenten de belestingheffing dien wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)