VVD Ljouwert: fergees parkeare

16 nov 2009 - 11:28
  • De VVD wol it earste oere parkearen fergees meitsje

De VVD yn Ljouwert wol dat it earste oere parkearen yn de stêd fergees wurdt. Dêrnei soe per minút betelle wurde moatte. Foar de jûn wol de partij it betelle parkearen ôfskaffe.

As it oan de VVD leit, krijt de auto sa gau mooglik wer foarrang op de rotondes yn de stêd. Dat soe better wêze foar de trochstreaming, de berikberens en it miljeu. Boppedat moat de peal op it Ruterskertier by De Harmonie der ek wei sadat de auto's wer troch de binnenstêd ride kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)