VVD: Help swakke skoallen

19 des 2006 - 10:45

De provinsje moat it ûnderwiis ferbetterje op de Fryske basisskoallen dy't de Underwiisynspeksje as swak omskriuwt. Dat is de Steatefraksje VVD fan betinken. Santjin Fryske skoallen steane op de list. Dat is in fyfde part fan it lanlike totaal.

It nivo fan de learkrêften op dy skoallen moat omheech. Pas dêrnei komt de posysje fan it Frysk, sa fine de liberalen. De VVD stiet mei dy miening tsjinoer de oare partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)