VVD hat argewaasje fan giele ferve yn binnenstêd Ljouwert

01 jun 2015 - 17:02
  • Keningsdei is mear as in moanne lyn, mar de giele farve is der noch hieltiid...

De VVD-fraksje yn de gemeente Ljouwert hat argewaasje fan giele ferve op de strjitten yn it sintrum fan de stêd. De krytferve is op Keningsdei en Himelfeartsdei brûkt om merkkreamen en plakken op de frijmerk te markearen. De ferve soe fansels wer ferdwine, mar it docht bliken dat dat net sa is. Der is in spesjalisearre bedriuw ynhierd om de ferve fuort te wurkjen.

De VVD hat no skriftlike fragen steld oan b. en w. Se freegje har ôf wêrom't besletten is mei dizze ferve te wurkjen en wat sa'n spesjalisearre bedriuw no eins kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)