VVD grutte ferliezer op Skylge

04 mrt 2010 - 00:27

Tsjin alle trends yn hat de VVD op Skylge net wûn mar ferlern. Under oanfiering fan de nije listlûker Geveke giene de liberalen op dit Waadeilân achterút fan 28 nei 19 % en ferspilen dêrmei ien fan de trije sitten yn de ried.

De PvdA wûn op Skylge en gie fan trije nei 4 sitten. Mei 35 % fan de stimmen is de PvdA no fierwei de grutste partij fan Skylge. Plaatselijk Belang Terschelling PBT en it CDA bleaune gelyk mei 3 en 2 sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)