VVD: fragen oer Sintrale As

22 aug 2012 - 09:35
  • Website decentraleas.nl

De VVD-steatefraksje hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer de flaters by de ûnteigeningsproseduere foar de Sintrale As. De VVD wol witte wêrom't it kolleezje net sels nei bûten kaam is mei it nijs, hoe't de flaters makke binne en wat dit no bestjut foar de oanlis fan de dyk tusken Dokkum en Nyegea. Tiisdei waard bekend dat de provinsje yn 350 gefallen te gau begûn is mei it ûnteigenjen fan grûn of net mei in goed oanbod kaam is. Of minsken gjin tiid gund hat te reagearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)