VVD-fragen oer gemaal Harns

08 feb 2004 - 00:00

De VVD-steatefraksje wol taljochting fan deputearre Bijman oer de ferheging fan de gemaalkapasiteit by Harns. Dat fanwege útlittingen fan de dykgraaf fan it Grinzer wetterskip Noorderzijlvest.

Neffens dat wetterskip ha rein en stoarm dizze wike problemen oplevere foar de ôfwettering by de Lauwersmar. De VVD wyt dat it ûndersyk nei in nij gemaal by Harns hast klear is en wol de útkomsten sa gau mooglik ha fan deputearre Bijman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)