VVD-fragen oer ferkeap Essent

14 jan 2009 - 09:37

De VVD-fraksje yn Ljouwert hat fragen steld oan it kolleezje oer de ferkeap fan 'e oandielen Essent. De VVD hat gjin beswieren tsjin de ferkeap, mar it moat neffens de liberalen finansjeel wol it maksimale opsmite.

De gemeente Ljouwert hat by de ferkeap fan oandielen fan Essent rjocht op in lytse 8.5 miljoen euro. Moandei waard bekend dat Essent oernaam wurdt troch it Dútske RWE en dêrmei wurde de oandielen ferkocht. De VVD fynt dat Ljouwert ekstern advys ynwinne moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)