VVD: 'Ek kwytskelling hûseigner'

23 jun 2006 - 11:04

Minsken mei in leech ynkommen dy't yn in keaphûs wenje, moatte ek yn oanmerking komme foar kwytskelling fan lokale lêsten. Dat fynt de VVD yn de gemeenteried fan Ljouwert.

No is it sa dat allinnich minsken mei in hierhûs en in smelle beurs kwytskelling fan bygelyks ôffalstoffeheffing oanfreegje kinne. De VVD fynt dat net earlik en wol dat it systeem feroare wurdt. Dat skriuwt de fraksje oan it kolleezje fan B&W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)