VVD: dúdlikens oer subsdyzjes

27 aug 2010 - 17:45
  • Tom van Mourik

De provinsje moat gau dúdlikens jaan oer de tydlike subsydzjes dy't in soad organisaasjes yn Fryslân krije. Dat seit de VVD. Mei-inoar binne der sa'n 400 tydlike jildstreamen nei bygelyks de AFUK en Omrop Fryslân.

Guon ynstellings krije al 14 jier tydlik subsydzje en witte no net wêr't se oan ta binne. De VVD-fraksje wol dat de deputearren gau in kar meitsje. De ynstellings moatte dúdlikens krije, sa fynt fraksjefoarsitter Tom van Mourik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)