'VVD diskriminearret'

06 mrt 2002 - 00:00

It Anti Discriminatie Bureau Fryslân stapt nei justysje fanwege in advertinsje fan 'e VVD yn Smellingerlân. Dy set neffens it buro oan ta haat tsjin asylsikers. De VVD soe him sa skuldich meitsje oan rassediskriminaasje.

Yn 'e ferkiezingsadvertinsje, dy't ferline wike yn 'e Drachtster Krante stie, neamt listlûker Lucy Jonkers minderjierrige asylsikers 'goudsikers'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)