VVD is bang foar heger wetterpeil fan de Lauwersmar

25 nov 2015 - 13:39
  • Heechwetter yn Lauwersmar (argyffoto)

Foar de proef om it wetterpeil yn de Lauwersmar mei 40 sintimeter te ferheegjen, is 100.000 euro beskikber foar minsken dy't skea hawwe. Dat sei deputearre Johannes Kramer woansdei yn provinsjale steaten.

Kramer antwurde op fragen fan VVD-steatelid Nynke Koopmans. Sy tinkt dat troch it ferheegjen fan it wetterpeil de feiligens foar de omwennens gefaar rint. It belang fan minsken moat neffens har swierder weagje as dat fan de natoer. In heger wetterpeil is goed foar it groeien fan ekstra reid, dat is goed foar de fûgels.

Deputearre Kramer seit dat sawol de provinsjes Grinslân en Fryslân as wetterskip Noorderzijlvest de 'finger oan de kraan' hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)