VVD: agrofûns foar Fryslân

04 okt 2007 - 10:57

De VVD-steatefraksje wol dat de provinsje jild stekt yn in fûns foar ynnovaasjes yn de agryske sektor. Yn Brabân is al sa'n kapitaalfûns dêr't neist de provinsje ek in bank en de lân- en túnbouorganisaasje ZLTO oan meidogge. Ut it fûns wurde subsydzjes jûn oan bedriuwen dy't technolyske ynnovaasjes foar de agryske sektor útwikkelje.

De VVD tinkt dat in saneamd agro-fûns in soad opsmite kin yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)