VV Trynwâlden promovearret

04 jun 2011 - 16:32

Fuotbalklup Trynwâlden út Oentsjerk is sneon foar it earst promovearre nei de earste klasse fan it sneonsfuotbal. De ploech út de twadde klasse I spile in twalûk tsjin earsteklasser Noordscheschut. De Oentsjerksters spilen earst mei 1-1 lyk, mar wûnen sneon mei 1-0 troch in doelpunt fan Piet Wessel Dijkstra.

Ek Broekster Boys koe promovearje nei de earste klasse, mar de Boys ferlearen sneon thús mei 3-1 fan LTC, neidat earder mei 2-1 wûn waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)