VV Hearrenfean pakt oertsjûgjend de kampioenstitel

10 maaie 2015 - 15:52
  • VV Hearrenfean fiert it kampioenskip

VV Hearrenfean is snein kampioen wurden yn de twadde klasse K. Op eigen fjild waard degradant Velocitas 1897 mei in 5-0 nederlaach nei hûs ta stjoerd. Jordy Kouwenhoven tekene foar de 1-0, wêrnei't Remco Hof der nei in kertier spyljen 2-0 fan makke.

Nei rêst soarge Jordy Veenstra foar de 3-0. Oanfierder Paul de Jong makke der rap dêrnei 4-0 fan. Velocitas moast boppedat mei 10 man fierder nei in reade kaart. De ploech fan trainer Marcel Valk profitearre fan de man-mear-situaasje, doe't Niels Talsma de einstân op it boerd sette.

Nei in jier ôfwêzigens is VV Hearrenfean takom jier werom yn de earste klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)