Vuelta besjocht Alvestêderûte

10 apr 2012 - 15:01
  • Vueltadelegaasje

De organisaasje fan de Vuelta, de Ronde fan Spanje, makke tiisdei in bustocht by de Fryske alve stêden del. Se beseagen oft in Alvestêde-etappe opnommen wurde kin yn de edysje fan 2015. Ek it Fryske part fan de Ofslútdyk soe diel útmeitsje moatte fan de rûte.

De Vuelta wol yn 2015 starte yn Nederlân en de earste trije etappes moatte troch de trije noardlike provinsjes. Yn 2009 wie de start ek yn Nederlân, yn Drinte. De Vuelta begjint ein augustus en duorret trije wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)