VS-ambassadeur yn Ljouwert

22 okt 2010 - 18:49
  • CdK Jorritsma krijt de ambassadeur fan de VS op besite

De ambassadeur fan Amearika yn Nederlân komt begjin novimber nei Ljouwert. It giet om Fay Hartog Levin. Se wol har ferdjipje yn de Fryske kunde op it mêd fan duorsumens.

Dêrfoar besiket se in hegeskoalle, wetterynstitút Wetsus, museum Princessehof en in bedriuw yn kompjûterspultsjes. Ek yt se mei de Kommissaris fan de Keninginne. De besite is op 4 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)