Vrouw@work yn Ljouwert

11 mrt 2011 - 14:23

Handikapte, wurkleaze en bûtenlânske froulju moatte op wei holpen wurde nei in baan mei in 'karriêre-event' yn Ljouwert. Dy is freed en dit wykwein yn it WTC Hotel yn Ljouwert. Tagelyk is yn it WTC ek de beurs Vrouw.

Op Vrouw@work litte spreksters harren ljocht skine oer ûnderwerpen lykas de arbeidsmerk, froulju yn topfunksjes en in eigen bedriuw. Deputearre Schokker hat it 'event' offisjeel iepene. Oer de hiele trije dagen dogge in pear hûndert froulju mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)