VROM kritysk oer W-Stellingwerf

05 sep 2003 - 00:00

Weststellingwerf skoart in ûnfoldwaande as it giet om it fernijen fan bestimmingsplannen en it ferlienen fan bou- en miljeufergunnings. Dat hat ynspeksje fan it ministearje fan VROM útwiisd.

VROM wol dat de gemeente wat docht oan de sitewaasje. De tekoartkommings komme neffens de ynspeksje om't de gemeente net genôch personiel hat om tal fan saken goed ôf te hanneljen. Boppedat wurde de amtners net genôch oanstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)