Vroemen wint Snits-Boalsert

26 aug 2007 - 12:23

Simon Vroemen, Europeesk rekordhâlder op de 3000 meter steeple, hat de 38e edysje fan Snits-Boalsert-Snits wûn. De atleet út Gieten rûn de 20 km yn 1.05,08. Hy keas de klassiker om him ta te rieden op de maraton yn Beijing, dy't er fan it hjerst mei in tal oare Nederlânske eks-topsporters rinne sil.

Saher Yousef fan It Hearrenfean waard twadde yn Snits, Rudi van de Lelie van Jobbegea tredde. Ylona Kruis fan Ysbrechtum wûn by de froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)