Vroegindeweij ynstallearre

17 okt 2003 - 00:00

Yn de riedseal fan it âlde stedhûs fan Boalsert is tongersdei boargemaster Vroegindeweij offisjeel ynstallearre. Frou Vroegindeweij wie earder ûnder oaren boargemaster yn Ljouwerteradiel.

Yn Boalsert folget se tydlik boargemaster Koopmans op. Dy foel yn, doe't boargemaster Schuilinga fanwege syn sûnens ôfskied nimme moast. Nei ôfrin waard Vroegindeweij ûnder oaren lokwinske troch âld-fraksjefoarsitter Willem Aantjes fan it CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)