Vroegindeweij giet nei Boalsert

03 sep 2003 - 00:00

Frou Vroegindeweij wurdt boargemaster fan Boalsert. Se folget Schuilenga op, dy't earder dit jier út it amt gie fanwegen sykte. De beneaming fan Vroegindeweij (58) giet 16 oktober yn. Dat hat it ministearje fan Ynlânske Saken woansdei witte litten.

Vroegindeweij (CDA) is sûnt 1998 boargemaster fan Ljouwerteradiel. Dêrfoar wie se waarnimmend boargemaster yn Smilde en boargemaster yn Ter Aar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)