Vroeg op stap: Libellepriis

18 maaie 2009 - 16:07

Hannie Gorter en Myriam Loonen fan de aksjegroep 'Vroeg op stap' hawwe in Libellestjer wûn. Dat is in priis foar froulju dy't frijwilligerswurk dogge.

De froulju út Sigerswâld stride foar betidere slutingstiden fan 'e hoareka. Se wolle dat de jeugd earder op stap giet en dat de kafees en diskoteken earder ticht gean. Dat moat om alkoholgebrûk by jongerein te ferminderjen. Ferline jier sammelen se dêrfoar 140.000 hântekens en bean se oan'e Twadde Keamer oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)