Vroeg op Stap ek yn Ingelân

14 feb 2008 - 15:56

Nei België is de aksje Vroeg_op_Stap fan twa Fryske memmen no ek oerwaaid nei Ingelân. Hannie_Gorter en Myriam Loonen hawwe in petear hân mei de radiostjoerder BBC_4.

Ingelân is in pear jier ferlyn ôfstapt fan 11 oere slutingstiid yn pubs. It drankmisbrûk is ferdûbele sûnt dy tiid. Yn Nederlân bepale gemeenten de slutingstiden. De oerheid moat lanlik regelje dat kafees en disko's earder ticht gean, fine beide froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)