Vrieling wint ZZ springen Indoor

17 okt 2001 - 00:00

De Grinslanner Jur Vrieling (33) fan Holwierde wûn tiisdei it ZZ-springen op Indoor Friesland. Syn frou Theresia Bulthuis wûn it Z-springen.

De Fryske dielnimmers kamen der op de springwedstriden foar lanlike ruters net oan te pas. Dennis van Tilburg, dy't rydt foar Wiepke van de Lageweg fan Bears, die it noch it bêste mei in sechsde plak yn 'e M-klasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)