Vredeman de Vriespriis foar Onix

25 nov 2006 - 16:14

De Vredeman de Vries-priis foar arsjitektuer is dit jier wûn troch arsjitekteburo Onix út Grins. Dat bedriuw hat in hûs ûntwurpen fan de famylje Maarsingh yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. Onix wie ien fan de fiif lêst oerbleaune nominearren.

It ûntwerp fan it hûs is ynnovatyf en modern. De Vredeman de Vries-priis is in twa-jierlikse provinsjale priis. It is foar de fjirde kear dat dy útrikt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)