VRE-baktearje MCL ûnder kontrôle

23 mrt 2006 - 11:15

De VRE-baktearje yn sikehûs MCL yn Ljouwert is ûnder kontrôle. Begjin dit jier wie der in útbraak yn it sikehûs. De hygiënemaatregels binne doe oanskerpe. Ek waard doe in opnamestop op de intensive-care-ôfdieling ynsteld. De VRE-baktearje is in darmbaktearje dy't dreech te bestriden is, mar hast gjin gefaarlike gefolgen hat.

Yn it MCL yn Ljouwert lizze noch fiif pasjinten mei VRE op in aparte ôfdieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)